Alwer in nije wieke!

Peoplelicious!

Time for another story! It's Queensday dus jim bin allegear fast fet hurd oan 't sûpen of dat stjit noch op'e planning fan hjoed! Heulaas sit myn keninginne dei der alwer hast op &hy wie net echt boeiend. Gjin Strjitkeatsen, gjin terraske &gjin Oranje! Crap! Gelokkich haw ik wol wer in yntresante wieke hoan. Of noja it wie wer leuk!

Foarige wike sneon bin ik mei Fleur, ien fan'e Au Pairs hjir flakby nei, Piha west! In surfstrân san trije ketier fjidder op! Wy dien der fansels wer folle langer oer omdat de NAVman ús langs ien of oar eenmansweggetje stjoerde, midden troch de bushbush. Marjaa. sa sjoch je nogris wat en in man mei in mega burd stjoerde ús wer de goeie kant út sadat we as noch yn Piha telânne kamen!
In moai strân, mei swart sân &we ha dêr gewoan wat omhongen en de surfers besjoen. Der wien helaas net safolle want it wie gjin geweldich waar.. baleee! Op'e weromreis binne we healwei stoppe by in lyts restaurantsje lâns de dyk mei in geweldich moai útsicht &haw we wat flatbread (pizzaboaiem, mei wat crunchy tsiis achtig guod der op) en in mango slushie/smoothie (JAMMM!)
En jûns binne we noch útiten west by Mecca, in restaurantsje @the Viaduct. Sis mar de haven fan Auckland, ofsa.., hjir lizze ek allegear fan dy Volvo Ocean Race boaten.. Cooool! &letter yn in kroegje dêr haw ik sa wier myn earst Nij Seelânse bierke dronken!! Nojaa, bierke.. It wie echt in MEGAbier! Neffens my pasten der wol 3 Amsterdammers yn =P In geselliche dei/jûn!

Sneins bin ik mei de Wantjes nei Kate har broer west, hy had in Dairy ofsa.. Ik leauw dat in in súvelfabriek is ofsa, want hy makket allegear yoghurt dingen ensa! Erg smakelik!
En doe siet it wiekein der alwer op!

Moandei begûn de earste echte gewoane dei want Molly & Maddy gongen wer nei skoalle, keurig netsjes yn hun skoalunifoarm en ik hie Josh foar it earst alinnich! Nou dat is dus echt stikken better, dan is ie gewoan altiid aardich tsjin my, mar sa gauw at de famkes dan thúskomme mat hy wer de 'big boy' úthingje! En at heit & mem thús binne wurd ik wer negeert, yn els gefal dat seit hy dan 'I'm not talking to you! I don't like you!' etc.. In dikke draak is 't! ;)

Foar de rêst ferûn de wike frij rêstich, woansdei hien se trouwens alwer frij & ik ek! Want it wie ANZAC day (Australian New Zealand Army Corps) in soart Dodenherdenking & Bevrijdingsdag yn ien.
It autoriiden gjit no wol bêst en ik bin hielendal went oan 't linkse & de heuvels, der binne alinne nog wat rare stopljochten, wer yn ien kear de pylkjes nei links/rjochts ferdwyne mar dast toch trochriide meist (hieeeel núver).
En freed haw ik foar it earst mei Josh riiden, hy moest nei 'Mini Titans' dat is in 'sport' foar lytsje jonkjes mei ballen en drafe en rolje.. Saaa skattig!

Dat wie myn twadde wurkwike alwer! Freed te jûn ha binne we mei in pear Hollânske Au Pairs nei in bar west wêr't se Keninginnenacht fierden, mar dat foel eins wat ôf. It wie wol gesellich mar der wien net safolle &wat der wie wie frij âld en fjiste fanatyk oan 't dûnsjen op de humpahumpa muzyk dy't se de hiele jûn draaiden. It hichte punt wie dat se in tillefyzje hiene wêr allegear foto's fan Nederlân op presintearre waren &om de pear minuten ek it skûtsjesilen foarby kaam! Jeeeeej.. haha =D

Sneon bin ik mei west nei Maddy har earste fuotbal wedstriiden, fet spannend! Ik hie al in pear kear mei har oefene &se is net echt in natuurtalint mar se fynt it wol hiel leuk! Se spilet by de Eastern Suburbs en yn in team fan 5 famkes spilje se dan tsjin de oare famkesteams fan har leeftiid, ek fan'e Eastern Suburbs. Ideaal want sa hoechst ek noait út te spilje om 9.15 en dan twa wedstriidsjes fan 20 minuten, mei 10min pauze tusken beide wedstriiden! De earste wedstiid ferlearen mei iets fan 7-0.. oeps! Mar de twadde wedstriid gong al stikken better, se kamen healwei 1-0 achter &efkes letter makke Maddy, samar út it niks de 1-1!! FET KOOEEL, ik juiche as in malle, wie hielendal grutsk! Haha.. harren earste goal fan it seizoen yn har twadde wedstriid! Myn goal mat nochsteeds komme, nei al dy wedstriiden xP Se ha trouwens nog wol ferlen, mar de freugde wie der net minder om! ;)

Snein bin ik wer mei in pear oare Au Pairs de stêd yn west.. Jaa, alles is hjir alle dagen iepen! Doe ik Kate fertelde dat de winkels by ús op snein eins altiid ticht binne fûn se dat mar núver! Wylst se hjir noch in hiel soat katholieke skoallen hawwe en skieden skoallen. We wenje hjir namelik achter 't Baradene Girls College, wêr ek allegear nonnen wenje ensa. Dat fyn ik dan wer núver! ;)
We hawwe dus wat troch de stêd dwaalt en Fleur &ik wien al gauw ta oan in borrel. It wie op't lêst snein en ik kriig alwat ontwenningferskynsels fan it net yn'e soos wêzen ;)
Dy oare froulju hien der net safolle nocht oan dus gien wy ien of oare pub yn foar wat wyntsjes!! Dêr haw we in pear backpackers út Sweden &in kok út Estlân moete, al mei al in poer geselliche middei/jûn! Foar it earst net te bot oan thús tocht &alle gesellichhiid yne soos&sa ;) Ik begjin my hjir steeds mear thús te fielen, al sil we dy jonges út Sweden noait mear sjen, want dy fleane moarn nei Thailân! Wol moai dast san geselliche jûn ha kinst mei minsken dy'st foar it earst sjochst.

Dit wie it wol wer foar no! Wer in hiel ferhaal, al sis ik 't sels!
Foto's komme snel!

Take care xx
& net te folle biere hjoed! ;)

Love,
A

Reacties

Reacties

Nynke

Leuk dast dy sa fermakkest!! Protte wille

Burb

Hee Auks, wat in leuk berjocht! Goed om te hearren dast dy d'r al folle mear te plak fielst :) En dast mei dy Fleur ek moai efkes wat drinke kinst, want oars bliuwst mar oan'e friskes, ek neat oan haha.
Kin oeral wol op reagere, mar dan wit ik ek net mear wat ik sizze mat :p
Ik sit hjoed op'e bank foar de televizje, bin siik spietig genoch, mar sneon (Hemelvaart) is d'r wer in feest!
Bin beneid nei dyn foalchende ferhaal en mear foto's!!
Dikke tút!

Hans en Nelly

Weer een mooi verhaal Aukje.
Geniet ervan.

Groetjes xxx

Marijke

leave aukje!!

alwer in mooi ferhaal!
gelukkig ha se der ek look-a-like szdrnzll's werst dy ek fermeitjse kinst!
helaas ha we hjir no ek gjin strjitkeatsen dus dat hast al net mist!
dus dan matte we no mar nei ljouwert! want wer mat we oars bier sûpe!

volle plezier en ik kin net wachtsje tot dyn folgene ferhaaltje!

dikke smakkert!!

Lucas

No trof ik lesten deis op t fleanfjild ien Shanghai un sweedse jonge die earst un pear wike backpacke soe ien Nij Sealan and dernei nei Tailan soe!!! soe it de selde west weze ??

Jildou

Idd ek gjin strjitkeatsen foar us :( leuke ferhaaltsjes Auks @ Berber, ik wit net wast do mei Hemelvaart fierst? maar Sneon is it toch echt Bevrijdingsdei!

-xxxx-

Sybertus

Sjocht der wer prachtig ut
Genietsje de mar fan
Tut Sybertus

Marijke

hey auk,
leuk wer 'n nij ferhaeltsje fan dy!! mooi das't dy der sa fernuverst!! in protte wille disse oankommende dagen, ik sjogge ut nei 't folgjende ferhaeltsje...

groetnis!!
dyn nicht

wietske

Hoi auk wat wer in mooi ferhaal, wij binne te farren west mei keninginnnedei, heerlijk waar, lekker brún wurden. Ik fien it fijn te hearren dast al wat mear dyn draai krigest. Hiel mooie foto's, wy printe ien út en hingje dy oan de want, bist der ek in bitsje by. Dikke tút mem

Sytze

Top ferhaal!!

Trynke Visser

Moai dyn paad fine Aukje! Bysunder!
Leave groetnis ut Grou

Sybertus

Tige tank foar dyn leuke lokwinsken oan us op us troudei
Gr en in dikke tut Sybertus

Femke

hoooi Aukk! :)
ik ha 't al yn de gaten, krekt wergea der, haha, 't voetbal, 't bier, de gesellichhiid! no, wat dat betreft ha se 'n goeien ien oan dei! moai dast die al meer thus fjilst. :)
tis hjir echt poep waar, dus lekker geniete fan de sinne der! &&&, we drinke der moarn ien op dei! ;)
Dikke tut

Hoite en Lineke

Hey Aukje,

Wat leuk om dyn belevenissen en ferhalen te lêsen fanôf de oare kant fan de wrâld. Ik hie computer problemen derom hie ik der noch neat fan sjoen. Mar ik haw no alles trochlêsen en de foto's besjoen. Harstikke leuk sa ast alles fertelst. We winskje dy 'n hiele mooie tiid ta. Geniet en maak er wat van.

Groetjes Hoite en Lineke

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!

Deze reis is mede mogelijk gemaakt door:

Travel Active