Joeehoeee.. I'm alive!!

Jaaa, ik wit it. Ik bin in luie blogger. Wer ik jim de foarige kear noch beloofde om jim net wer salang wachtsje te litten, bin ik no alwer in heal jier fan hus. Time flies! Ik hie wol earder wat skriuwe wollen &einliks wie ik der ek al mei dwaande, mar myn laptop fun it warskynlik ek belachelik dat ik sa lang wachte dus tochtie.. laaaater ik hald der mei op.. kapoet dus! CRAP! Mar goed, ik typ no wer oer nei in stikje op de computer fan Matt&Kate, allinnich dakjes op letters &oare fryske babbelegoegjes kin dizze beste laptop net dus taalkwaaltjes mat jim mar oerhinne leze =)

Yn myn leste ferhaaltsje wie it hast winterfakansje &we ha no krek de maaitiidfekansje hoan! De kids bin wer nei skoalle en de rust is wedergekeerd! Mar ik haw jim hiel wat te fertellen. Meastal doch ik dat oan' e han fan foto's om allen in bytsje op folgoarde te halden mar, die haw ik net mear (stean op myn kapotte laptop) Dus ik begjin lekker by de All Blacks, dy wiken derfoar wien fjidder toch net sa boeiend want ik wie alinne mar oan it wurk.

Dusss.. op sneon 25 augustus wie it safier, ik gong mei Angeline & Fleur, as rugby leeken, althans ik wol nei DE derby. The All Blacks versus Australia, foar dyjinge dy't net wit wa't the All Blacks binne.. dat is it nationale rugby team fan Nij Seelan. En it bin net allegear donkere minsken, mochten jim dat soms tinke, se hiete the All Blacks omdat hun outfit hielendal swart is, that makes sense doesn't it?

Anyways, the All Blacks ha foarig jier it wraldkampioenskip wun en it wie ek noch yn Nij Seelan, hoe leuk is dat! De wedstriid wie dan ek yn it stadion wer se kampioen wurden binne, Eden Park, vet neeeed! Ik haw fansels it folkslied sa goed mogelik meisongen, beide Moari en Ingelsk (der wie undertiteling xD) En se binne ek bekent om de saneamde HAKA, in alde oarlochsduns fan'e Maori's, dy se doche foardat se begjinne om yndruk te meitsjen op harren tsjinstander. En it wie best yndrukwekkend, fun ik dan. Nojaa, the game begins en der is in leuke sfeer, we sitte op de 5e rij fan foarren ofsa, fet ticht by, achter it goal. Pracht plakje, dat mocht ik wol want ik haw de selde dei dat se yn de ferkeap gongen noch kaartsjes besteld ;) Jaa, de sfeer wie dus goed en se ha dik wun, 22-0, gjin idee hoe't te puntetelling wurket, en haw ek wolris ferjitten te juichen (whoops). In prachtige jun, en elkenien kaam/gong mei de trein want dyn Matchtickets wien ek treinkaartsjes, echt ideaal, der gongen extra treinen en Ozzies en Kiwi's op elkoar propt, gong best. Ik sjoch dat noch net mei Nederlan/Dutslan gebeuren. Ghehe..

Ooohh en toen wie ik jierdei! 21 jaartjes oud, whiehoee! Elkenien noch bedankt foar alle felicitaties fia de socialmedia, sms, tillefoan en ik haw ek noch in wereld oan kaartsjes kriigen! AWESOME! Topperss =D It wie in erg leuke dei, ik hoefde pas om 8 oere te begjinnen en der taart klear en cupcakes waren fersiert.. (tsjek de foto' s) En middeis doe de bern wer ut skoalle kamen gongen we gesellich Monopoly'en, mei champagne, Kate & ik dan.. Letter kamen Fleur en har oppasberntsje noch efkes del en juns binne we noch efkes de sted yn west foar in lyts drankje! Gesellich! Der waar sels noch foar my songen troch de sanger yne kroeg.. Top.. (not)

Nei myn jierdei moest ik noch oardel wieke en doe wie it dan einliks tiid foar myn roadtrip mei myn o sa moaie CAMPERVAN! FEEEEEST =D In hiele wike sunder geskriem, gekrijs en geraas. Hoe fijn is dat! Sneon te moarn alles yn pakt &Matt brocht my nei it ferhuurbedriuw, in loads mei allegear gegrafiteerde (gjin idee oft dat in wurd is) campers. Bietsje sjovele lui &ik hie fansels wer dyjinge dy't der noch net salang wurke en alles fia in handout die, it duorre in ieuwichhiid mar der hie ik dan einliks myn camperke, named ‘Ache'. Allinnich wie it wol in automaat.. Waaaat =O haha, noch noait yn rieden dus de reis nei hus (om myn spul op te heljen) wie in helse trip, alsof ik myn earste rijles hie sunder ynstrukteur.. ghehe. But I made it! En thus sei Kate dat ik de linker foet gewoan links lizze litte moest en dat it dan easypeasy wie. En dat klopte ek wol, je wolle noait wer oars ;)

Nei dat ik myn bed yn'e camper opmakke hie, al myn spul te plak setten hie en de bern hun boartessessie yn'e camper hoan hien gong ik dan oppaad. Radio oan en gaan met die banaan! Op nei Raglan, in surfdoarpke oan' e westkust.. Yn Auckland wie it waar noch wol aardich, mar ien kear yn Raglan wie it ape & beare waar (of sa't se hjir sizze 'It's raining cats and dogs', ek logisch) Om earlik te wezen is in surfdoarpke mei wynkracht stoarm en amers oan reinwetter net safolle oan, dus de folgjende dei bin ik dan ek wer yn myn camperke doken, mei de radio oan op nei Waitomo, foar in raftingtocht troch de Waitomo Caves, tenminste, dat wie myn doel. Ik stie op in lyts campinkje mei in hostel flakby de caves. Middeis efkes foar in boswandeling west, want it waar wie al wat wetter en om de weromreis soe ik myn tocht boeke. Kom ik der binnen, sizze se. 'Sorry, but the caves are flooded'. What a bummer, gjin rafting tochten dus, oare deis foar de wissighiid noch efkes werom west, maar helaas pindakaas, dat gong net troch. So I went back on the road, op nei (Lake) Taupo, ik woe earst nei Mount Tongariro, om de crossing te dwaan, mar it is in vulkaan en hy fun it nedich om twa wike der foar as ut te spuwen! Ek gjin crossing dus. Mar boeie, ik fun it alinnich al prachtig om gewoan wat run te riiden, wat in lanskippen, eindelik wat oars as Auckland. Hearlik.

Taupo dus, ik stie op in familie camping tusken de gepensioneerde grannys, gesellich.. Mar ik trof ek noch twa Nederlanse famkes oan' e balie, tafallig! En der wie in spa resort by de camping, dus prima ut te halden! Oerdei wie it prachtig moai waar dus ik haw efkes in wandeltochtje dien nei de Huka Falls (der is us heit ek west 27 jier lien, fun hy hielendal moai =P) Oardel oere heuvel op/af en doe ik uteinlik by de Falls oan kaam wie it toch iets minder yndrukwekkend dan ik ferwacht hie, mar boeie, it wie moai waar en it wie in moai eintsje kuierjen. Juns noch mar efkes te toffeljen run Lake Taupo, de grutste mar fan NZ, hearlik utwaait. Jim sil miskien wol tinke wat in wandelmuts, mar de benenwagen is wol moai fergees en as ‘earme' aupair/roadtripper ferrekte handich, foaral at je yn san supend monster ride ;)

Ik wie alle moarntiiden moai optiid wekker, foaral omdat it sa no en dan ek wat oane kalde kant wie yn myn motorhome. Sa ek yn Taupo, dus nei dat ik in lekkere farske bole (lees brood, tis wat apart lezen sunder dakjes) ynslein hie en in saneamde ‘coffee to go', gong ik wer op paad, op nei de oastkust, Napier, the Art Deco Capital of NZ, en it plakje wer as earste de sinne opkomt yn it lan. Wer in leuk ein riiden troch it heuvelige lanskip. It wie omringt mei wynboeren en fruittelers, se sizze ek dat der de sinne mear skynt dan yn de rest fan it lan en fander dat it fruit der sa goed groeit. Jahaa.. Mar it is in gesellich kleurriik (Art Deco) stedsje, en yndie, de sinne skynde. Doe ik der oan kaam earst mar wer efkes in bakje kofje helje op in teraske, mar tutte sunder linten lit fansels de auto ljochten baarne! Dus 20min letter, Paniek Paniek! De camper start net mear! Ik tocht ik mat earst noch mar in bakje ha en dan sjoch we dan wol efkes at we in aardiche knakker fyne om my te helpen. Lokkich binne de wunders binne de wrald noch net ut &hy beslut toch mar om al te starten (HALLELUJAH) Oan it ein fan'e dei en lekker wat runtoffelt te hawwen efkes wat boadskippen dien en opsiek nei in camping, dy fun ik krek foar Napier yn it plakje Bay View, in smuk campinkje oan it wetter (de oceaan) mei alwer in soart alde minsken, mar ach! Ik hie twa boeken mei, in Ingelske thriller en 'de 100jarige man die uit het raam klom' (echt in oanrieder) en die wiksele ik wat of, krek ast sjochst ferskillende tillefysje series ;o) Dy nacht wie it wol sa ferrekte kald dus ik slipte yn in dikke trui en joggingsbroek, begong it ek noch te spielen, nou en rein is lud yn san camperke, alderraarst. Mar wat ik wol it moaiste fun doe ik moarns wekker waar is dat de bergen achter de camping net mear griene toppen hien, mar wyt.. hoe need is dat!

Op wei nei Rotorua ried ik dan ek troch de wiete berg(heuvel?)toppen.. Prachtig. Dat sjoche je thus net no ;) San 20km foar Rotorua haw ik earst noch de Waimangu Volcanic Valley besocht. Der ek mar in hikingtrack dien troch in ‘ breathtaking' fallei. Sierende marren en kraters, ik wie helaas te let foar de boattocht, mar dit wie ek al moai.

Dernei dus wer fjidder nei Rotorua, wer ik op in camping mei hostel stie midden yn'e sted. Troch alle fulkanyske aktiviteit der, rukt it der in bytsje nuver.. Wat rotte aai'ig? Mar fjidder in leuk stedsje, juns bin ik nei Tamaki Moari Village west, foar in Maori culture show and dining experience. Ja ja, it klinkt hiel luxe mar dat foel wol mei. We waren mei in bus ophelle fan' e camping en de chauffeur wie echt in pracht figuur, hy lei efkes u wat ‘Kia Ora' betsjutte yn 64 ferskillende talen. (Waaat, ja echt wier) Maarja, it betsjut uteinlik alles wat mei groetsjen te meitsjen hat, dat kin hoi weze, goeie!, mar ek wolkom. Ja jaa. ;) Doe hy klear wie wien we ek al by it doarp tegearre mei noch 3 bussen, in hiele lading minsken dus. We moesten allegear yn in grutte kring stean gean en der kamen de ‘Moari Warriors' rare dunskes dwaan en foaral dy fjiste grutte tongen utstekke xP Dernei kriigen we yn groepkes in runlieding troch it doarp, wer se sjen lieten oer alle dingen dy't se eartiids (en nochsteeds wol dien) houtbewurkje, mandenflechte, it trainen fan'e strijders en it tatoeearjen, boppe de eachen stjit foar mentale prestaties en under de eachen foar fysieke prestaties, en de froulju hawwe wurde op it kin tatoeeard at se bern krije (it liket yndie krek in burd) Nei de runleiding kriigen we in foarstelling yn de Marae (meetinghouse) mei musyk en duns, pikefel jonge!! Prachtig.. En doe wie it tiid foar us ‘Hangi meal' in lopen buffet fan fanalles en noch wat op traditonele wiize bereid under de grun. It hat allegear in rikke smaakje, dus se rikje it under de grun, oan't it gear is. Best yn te nimmen mar it lekkerst wie toch New Zealands most famous desert, PAVLOVA. Yumyumyummm..

De oare dei bin ik noch efkes by Rotorua's blue and green lake west. Alwer skitterende utsichten, dan snap je net dat der sa'n soat minsken yn dat saaie Auckland wenje. En op'e neimiddei gong ik op wei nei Matamata, efkes by de famylje Fannin ((skoan)sus fan Eilder&Trynke) op besite. Erg gezellich en ik kon zelfs weer een beetje Hollands spreken ;) Mar goed, aan al het goede komt een eind &sa siet myn campervan trip der alwer op. Freed te juns thus kaam en alles utpakt en sneon te moarn moest ik ‘m wer werom bringe. Wat wol wer leuk wie is dat sels Josh my mist hat, hy had de hele wike freeche wanneer't ik wer thuskomme soe.. hy kin wol leaf weze, soms, hieeel soms ;)

Mar goed ik moest wer twa wiekjes wurkje en doe wie ik alwer frij! En der stie alwer in tripke op it programma. Dit kear mei de Nakedbus, nei Paihia, de Bay of Islands. Dat leit in pear oerkes riiden nei it noarden. De bus gong snein te moarn om 8.15, teminste dat tocht ik, it wie ek wol sa, mar de simmertiid gong ek yn, dus it wie einliks 7.15 (gaaaaap) En dan bin ik ek noch sa stom west om myn wekker net te setten, of ik hie myn wekker wol setten. Mar it is in 12oeren wekkerradio (net in 24oeren dy't wy yn Nederlan ha) en yn plak om ‘m op 6oere AM (moarntiid) te setten, haw ik ‘m prongelik om 6oere PM (middeis/juns) setten! Dus ik waar hearlik om 7 oere (nije tiid) wekker, en myn trein nei de bus gong om 7.23 (in ketier rinnen nei de trein) plus ik hie myn wekker sa betiid setten om de leste spullen noch yn te pakken (Jaa, ik bin altiid oan'e lette kant mei ynpakken). Mar dus, tiid te koart en alles flug flug.. Om 7.17 hie ik alles ynpakt en wie Matt sa sympathiek om my efkes nei it station te bringen en haw ik alsnog myn trein en bus helle! Wat in begjin fan'e fakansje.. ghehe! Op nei Paihia!!

We kamen in oer as 12 oan en ik moest in lyts eintsje rinne nei it hostel, the Bay Adventurer, wer ik in seis persoans keamer hielendal foar my alinnich kriig! Lucky me. Super tsjill hostel mei erg leuke minsken &gratis fytsen en ien kayak.. Earst hearlik troch it doarpke toffele (alwer) en dernei op'e fyts nei de winkel west om myn juns iten te heljen. Ik kaam thus mei 2 paprikas in 5pack easy Noodles en in flesse wyn. Dus myn juns iten wie trije dagen itselde.. ghehe! Lekker efkes niks!! Juns gesellich filmke sjoen mei de minsken yn it hostel en redelik optiid op bed want de oare dei stie der in deitrip nei Cape Reinga op'e planning!

Fet min waar natuurlik, it sil wer is net at ik frij bin ;) Mar de bus gong om 7.20 by us hostel wei dus ik koe sa fanut it hostel yn'e ‘Dune Rider' stappe. En hoe fjidder we nei it noarden riiden, hoe moaier it waar waar.. ideaal!! Alwer in geselliche buschauffeur &hy fertelde fanalles en noch wat oer fanalles en noch wat! We stopten as earst by the Gumdiggers farm, der binne hiele grutte mega beamen (Kaori trees) en fan it ‘bloed' (the gum) fan de beamen, makken se Gumboots (reinlearzen) Ja ja.. Nei de gumdiggersfarm riiden we fjidder nei it noardelikste puntsje fan Nij Seelan, Cape Reinga. Hjir komme de Tasmaanse zee (dy tusken Australie en Nij Seelan) en de Grutte oceaan by ien, prachtig gesicht, de kinst ek echt it kleur ferskil sjen fan see en oceaan. Ha je dat ekris sjoen =)

Nei de Cape gongen we nei de Ninety Mile beach, mar foardat we de beach op gongen, ha we earst noch oan it sandboarden west. Gjist mei san bodyboard (wol iets grutter) fan mega sandunen of.. Geweldig om te dwan, mar it omheech klimmen yn dy sandunen is in hele excercise, en bist yn twa tellen wer benenden fansels ;) Ghehe..

Ninety Mile Beach dus, hy is net Ninety miles lang, mar it klinkt wol leuk.. We skeurden gewoan yn'e bus (wat ek wol wat fan in frachtwein hie) oer it stran.. NICE. De bus siet trouwens tsjokfol Dutsers, dy binne der echt tefolle.. oeral ek! En se prate allegear duts (DOH) mar snapst wol wat ik bedoel, der falt net tusken te mengen! Ien kear fan'e beach of gongen we nei Mangonui foar the ‘World famous Fish&Chips'.. No fish, just chips please.. and a beer! Cheers! =D

Run ietenstiid wien we wer thus en lekker utteld fan'e lange dei, mei in bakje noodles en in gleske wyn mei de rest foar Chocolat, mei Johnny Depp! (Jeej) Allerhande nationaliteiten der, in famke ut Skotlan, in stel ut London, in man ut Chili, dy no yn Colombia wenne, Argentijnse famkes en fansels dutsers. Mar wol gesellich, ik hie inmiddels ek in kamergenoot (Duts) mar sy wie ek mei nei Cape Reinga en feruntskuldige har der al foar dat se Duts wie.. ghehe!

Oare deis hie ik neat op'e planning stean en ik wie ek fan plan om gigantisch ut te sliepen, mar dat slache fansels net, om 6oere klear wekker. Dus mar efkes mei it thuisthuisfront belle (vibert) en in lekker ochtenwandeling gemaakt. En nei de Waitangi Treaty Grounds west, der kamen de Britten en Maori's byien om de Treaty te tekenjen, en der bekaam Nij Seelan, Nij Seelan. Se ha der ek in kano fan slechts 35 meter lang! Sa roeiden se eartiids de oarloch temjitte!.

Dernei lekker in relax midje en der wien mear oan it relaxen yn it hostel dus it wie alwer gesellich! Lekker wer noodles for diner en ik hie juns in filmke utsocht (se hien alinne oldschool videobanden) The Moulin Rouge it was.. Bleauwt in leuke film, ek al hast it stik san 8 kear sjoen ;)

Woansdeis wie it dan einliks tiid foar de Whole in de Rock, Dolphin safari, Boat trip! In hele ‘mondvol' maar it wie prachtig, lekker boatsje farre en we wien noch gjin 10 minuten op paad of de Bottle nose dolphin was al gespot! Waaaaahh, awesome! In groep fan in stik of 7/8 dolfijnen, loved it! Ik woe natuurlijk sa folle mogelik de dolfijnen sels sjen en net hieltiid op myn camera beeldsje stare, dus ik hie gewoan myn camera yne han te klikken en fjidder geniete fan de flippers! Wat in bisten! Fjidder gewoan in hearlik moarn op it wetter hoan lans in oantal fan'e 144 eilannen yn'e Bay of Islands. Ik siet lekker boppe op it dek mei in stel Kiwi's ut Auckland, se woenen alles witte.. haha &nei te tiid bin ik yn Russel utstapt yn plak fan Paihia om der noch wat run te strunen. Troch dat it best wol kald wie op'e boat mar ik wol hieltiid mei de kop yne sinne siet kaam ik fansels werom mei in straal ferbaarnde kop! Oeps.. haha! Russel wie wol skattig mar net echt folle te dwaan fjidder, dus ik gong mei de ferry wer oer nei Paihia en haw ik myn tas ophelle yn it hostel. Alinnich myn bus gong pas om healwei 5n dus we gongen noch efkes it doarp yn foar in ‘ofskiedskoffie' haha.. Een seer frapant selskip, Juan ut Chili, Kelly ut Skotlan, Kerstin ut Oostenriik en Teresa ut Dutslan. Leeftiiden varierent fan 20 oant 40 jier. We koen elkoar mar in pear dagen, en dan toch sa leuk!

Mar helaas, oan dat goeie kaam ek in ein en ik hie einliks de hiele wike wol bleauwe wollen, mar myn bus gong al werom, baaalee.. Lokkich hie ik thus noch wol in pear dagen sunder bern en drokte.. (Ooohh dit is grappig, ik bin op it momint in hiel ein oan it typen, seit de computer 'There are too many spelling and grammatical errors in this document to continue displaying them' Jooo, best genoch, ik typ yn it frysk dus no ferbettert hy my ek net mear steeds)

Mar goed.. se kamen sneon te juns wer thus mei al het lawaai inbegrepen! Feest! En der stie noch in wike skoalfekansje te wachtsjen werfan heit&mem fjouwer hele dagen oan it wurk wien en ik dus ek. Lokkich gong Josh wol gewoan nei Poppies &hie ik alinne de froulju.. Dat is ek net safolle wurk en wol gesellig, se waren utnoege foar wat bioscoopuitjes, sleepovers hjir en der &it swembad is no ferwaarme en dat is toch wol de ideale babysitter! Gooist dy bern der yn en se bin sa de hiele midje fermakke! GREAT! Freeds kaam Teresa (myn Dutse roommate ut Paihia) wer nei Auckland en bin we tegearre nei Rangitoto west, it fulkaaneilan yn'e baai fan Auckland. Ik hie der al in heal jier tsjin oan sjoen mar wie der noch nea west. Sy woe der wol hinne, en ik wie frij, dus dat kaam moai ut! Boppe dat wie it ek noch prachtig moai waar! In hearlike dei en san 4 oeren aan de wandel west! Mar it wie it al wurg want wat in utsicht boppe op Rangitoto.. Koest gewoan hiel Auckland sjen! En wy wenje neist Baradene, in gigantische rose achtig gebouw, dast fansels ek fanof Rangitoto sjen koest, dus koe ik moai us hus oanwiize.. Cool hea? Hahaha..

Anyways, dat wie it dus wol wer.. Noch san 7wiken oan it wurk en myn grutte trip begjint! Jieeehooee =D Myn laptop is nei de makker dus ik hoopje dat ik ‘m straks wer haw en dan sil ik noch wolris in ferhaaltsje pleatse (sadra ik wer wat te fertellen ha xD)

Ik mis jim!!

En Wergea, foaral de gesellichhiid. Mar 20januari flean ik wer nei hus, dus ik sjoch jim alwer gou!

Take care!

Love,

Aukje (jeweetweldatfriesemeisjeinNZ)

Reacties

Reacties

wietske

Wat heerlijk om dyn ferhaal wer te lêzen, nog mar 7 wike en dan kinst al wer op reis. En dan begjint dyn grutte trip. In protte wille en geniet fan alles. tút mem.

Tialda

Wauw,, Fannemoarn in berichtje op myn tillefoan: D'r steat wer in ferhaal klear fan Aukje, skealt dat ffkes dat ik pos om 11 oere nei de cambridgeconsultant (bin nou byna 12 kilo offallen). Dus ff een bakje koffie derby en dyn ferhaal troch leze.. Lekker frysk ek altiid fan dy! Waard ek wol tiid:) En wolst it net ljiuowe, mar nei de leste sin, wie myn kofje kald.. seit genoach;) (sorry myn super slechte frysk.. )
xx Tialda
(mar snel ffkes skype hjer!!!)

Hans en Nelly

Hey Aukje
Een prachtig verhaal om te lezen.
Geniet maar lekker.

tút

Jildou

Aukje do leefst nog! tsjonge dat duorre lang mei dien ferhaal ;) hahah maar do fermakkest die nog altiid les ik wol
Hjir giet alles sien gangetje! tot snel
-X-

Molly

hello everyone
can someone tell me what this says!!

knoop

Kia ore !! Estoy impresionade hombre simpatio panorama es aùn divertirse fresco!! smily app ik nog wol !! mas tarde

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!

Deze reis is mede mogelijk gemaakt door:

Travel Active