Reinwetter en $200,- kater(s)..
Haaaaaai =D
Long time no see! It is noadich tiid foar wer in nij ferhaal. De lêste is alwer hast 6 wike lyn, wàààt, ja dus. Ik bin hjir no al 11 wike en alles is ek al sa gewoan, dus wer skriuwe je dan oer? Ik bin ek mar oan it wurk. It is wol stom dat ik san skoft wachte ha om in jim op'e hichte te bringen, want nou mat ik sels ek yn myn geheugen grave, fan wat ik ek allegear al wer dien ha. Net safolle, of miskien ek wol, mar ik sil yn els gefal wol wêr fanalles ferjitte.. Hjir gean we dan, wish me luck ;)
Yn de wike fan myn foarige ferhaaltsje organisearre de Au Pair Agency harren 'Monthly Coffee Group' in jûntsje foar alle Au Pairs mei in bakje kofje &wat lekkers. Yn April bin ik net west want doe wie ik nog oan 't Jetlaggen, dus it wie de earste kear &ik wist net sa goed wat ik der fan ferwachtsje moest. Mar it wie best gesellich, der wien in stik of 10 froulju en 1 man.. Man? Jaaaa man! Hahaha, ik haw in echte mannelike Au Pair moete, wat in grap! Ik leauw net dat hy sels ek fan'e mannen is, mar wol in echte metroman, Dúts (tsja, der bin echt in wereld oan dútse Aupairs hjir) mei san Glee kapsel wist wol.. &no komt it, hy epileart syn wenkbrouwen, OMG! Mar ja, fjidder wie it einliks mar in kwal, sa lekker semi geïnterreseerd en oeh sa wiis mei 'm sels! JAK.
De sneins dernei bin ik mei Fleur nei Devenport west, in lyts hystorysk (ik tink fiskers) 'doarpke' op'e North Shore fan Auckland, mei fan dy leuke âlde húskes oan it wetter, bytsje Volendamstyle.. Ik omskriuw it mar efkes want myn camera wie leech dus ik haw gjin foto's, ghehe. Lekker efkes útwaait &relaxed en middeis moest ik alwer wurkje, want Kate gong 4 dagen nei Melbourne foar in Medische cursus ofsa.
Die wike wie dus best wol drok omdat ik trije dagen fan 7-18h wurkje moest, boffe! Mar we haw it wer oerlibbe &at Kate der net is is Josh ek aardicher tsjin my dus dat skeelt altiid ;) Lokkich hie ik wol lekker lang wiekein, en dat begûn al goed op tongersdei te midje, lekker wyntsjes dronken mei wat froulju &dernei noch Tapas ieten, gesellich!!
Sneon te jûn moest ik oppasse en se hawwe hast elk wiekein wol ien útfanhûs, dus it wie wer drok! Die famkes hawwe nammelik elke dei húswurk útskoalle! =O Groep 4 &groep 6, dus tiid om útskoalle te boartsjen is der net, boppe dat wennet net ien fan harren freonen sa ticht by dat se der efkes hinne rinne kinne ofsa. Se matte oeral hinne brocht wurde mei de auto &dus ek wer oppikt wurde.. wat in wurk! Lang leve the City life!.
Marjaa, &sneins haw ik in pear fjiste djoere hurddraafskuon kocht, echte assics. Want ja, ik fyn hurddrave eins net safolle oan, mar ik ha soms safolle tiid oer hjirre &ik kin wol alle kearen in boek lêze, mar der wurd ik ek allinnich mar loom fan. Dus ik tocht we gean hurddraven, mar wol op goeie skuon want oars hâld ik dochs net lang fol, en om't se sa djoer binne kin ik my sels der ek wat better ta sette om se te brûken. Snapste? Allegear loze redenen fansels, mar it wurket wol ;)
Ik haw myn eigen hurddraaf skema wat makke &bin moandeis fuort begûn.. fanatiiieek ;) ghehe.. fjidder haw ik dy wike net sa folle dien. Ik haw wol oppast by freonen fan Matt & Kate, easypeasy, trije berntsjes die foar Tom&Jerry sieten doe ik der kaam en nei in healoerke allegear hiel braaf op bêd gongen. Prachtig! Ik miende dat ik san goeie infloed hie, mar bliikber hie hun mem harren sjoekelade belooft yn hun lunchbox at se goed nei my lústeren.. Der gong myn ego, haha!
Dat wiekein wie it Queens Birthday Weekend en wie ik heeearlik in wiekein allinnich thús! Keningin Elisabeth wie jierdei (ofsa) &dat fiere se hjir altiid op de earste moandei fan Juny. Ydeaal want sa hat elkenien in lang wiekein! Soen se by ús ek ris dwaan matte! Mar de famylje gong dus in wiekein nei it strânhús fan Nana(Matt syn mem) &ik mocht wol mei mar dan moest ik by de bern op'e keamer sliepe.. uhh leaver net! Haha. Dus ik haw hearlik in wiekein lang útslipt en relaxed, de freeds haw ik Fleur nei it Fleanfjild brocht &sneins doe se wer thús wie soen we noch efkes 1 of 2 wyntsjes dwaan yn'e stêd tegearre mei Nadine in dúts famke. We wien moandeis ommes frij! Mar keninginnedei is hjir net sa as by ús, se ha gjin keninginne nacht &de measte kroegen wien ticht. Wàààt?! Dus nei twa wyntsjes yn in wat chique tent soen we noch 1 wyntsje dwan yn in oare kroeg. Gjin idee welke, mar by ien kroeg hearde it wol hiel gesellich en dêr wie 't harstikke drok. Wat bliikte no, der wie in private party, in personeelfeest fan in man dy't san 10 kroegen yn'e stêd hie, fandêr dat alles ticht wie.. Tsjja, in private party, dus wy wien net útnoege.. mar krek doe wy der wien kaam ek ien fan'e managers der oan &die fûn ús wol aardich, dus sa belannen we op de private party.. en it bleauch helaas net by 1 wyntsje. Se hien namelik ek heineken bier (JAMM) op normaal formaat &it koste hast niks. Al mei al in feskrikkelik leuke jûn (tinkik) gjin idee hoelet ik thús wie.. mar it wie mar goed dat ik moandei frij wie &dat de famylje pas om in oer as 6 thúskaam. Meeeaaann wat wie ik min! xD hahaha..
Mar goed, de famylje wie dus wer thús &se hien twa nije húsgenoaten meinaam! Neamd Simba & Smudge, twa Burmese katers fan 10wike! ($200ps!!) Mar wat in dropkes!! Saaaaa leaf. En se hawwe dizze katten ússocht omdat se hiel aaibaar binne en tolerant, dus de bern kin der gewoan mei omsjouwe, dêr jouwe se neat om. Earme bisten, haha! Mar wol erg gesellich, want at ik noris jûns oppasse mat is it wol leuker mei twa knuffelkatten op skoat =) Fjidder bestjit hun dei út fjochtsje en sliepe, boysss...
Tiisdeis wie ik gelokkich wer fit en begûn myn dei wer om 7oere! Joepiee.. Ik wit net of ik it ergens al mentioned hie, mar se ha hjir yn Nij Seelân allegear sites mei daagliks nije leuke en soms ek freamde oanbiedingen.. fan facelifts oant horloazjes & fan wiekeintsjes fuort oant fytsen. Dus der sjoch ik sawat elke dei op en ik haw in bon kocht $99,- foar 5dagen in wicked camper! Juster haw ik in 55L backpack kocht foar $55,- en in pear wike lyn ek in bon fan 10lessen boxing fitness foar $49,-. Fette koopjes dus, mar dan mast se wol brûke &dus binne we (Fleur hat ek de boxlesse kocht) die wike begûn mei Boxing Fitness.. &in spierpine de oare dei, net te leauwen! hahaha.. Tot no ta noch mar ien les hoan mar straks mat ik der oan leauwe want it is jildich oant 15 augustus dus dalik mat ik ek noch 2 kear yn'e wike xD
Dat wiekein haw ik ek foar it earst wer op'e fyts sitten! En ik mat sizze, dat foel my neat ôf. Jammer dat ik in helm op moest, lekker dúts.. Mar ik haw in moai tochtsje makke langs de baaikes. Oare kear sil ik efkes myn kamera meinimme ;) Fjidder haw ik net safolle dien want sneon oerdei moest ik wurkje (Jaa Matt kin net in hele dei allinnich mei de bern wêze at Kate oan it wurk is tink ik?) &jûns oppasse. Sneins wie it wol moai waar dus bin ik lekker aan de wandel west (12km), mysels op'e helt fansels efkes traktearre op in dikke fette ijsko &ek dy jûn moest ik wurkje want Matt&Kate gongen nei Lady Gaga! Hoe needt is dat! =D Anyways, sa haw ik al wol moai wat sparje kinnen foar wat uitjes at it waar wer wat better wurd.
Ik wit net mear wer ik hielendal bin mei de wiken, mar foarig wiekein wie einliks wer in wiekeintsje frij.. Jeeeej, NOT. Ik wie siik, of yn els gefal net fit, pine holle, pine búk, misselik &freontsjes makke it húske! Holadijee!. Moandei nochsteeds heal, mar gelokkich tiisdei wer wat better &de bern hien der ek wat lest fan dus it is mar goed dat se hast allegear hun eigen wc ha ;) haha. Ofrûne tongersdei bin ik mei Molly har klas (as begelieding) nei 'Joseph and the Amazing Techniccolour Dreamcoat' west. Spile troch it Jeugdtheater hjir. Ik toch wol leuk, wa wit doch ik noch wat ynspiraasje op. Mar helaas, it wie wol leuk hear, dêr net fan. Mar sa as ús heit altiid seit 'It is fuort gjin Halberstma fansels.' Whahahahaha!
It wiekein wie wer in relaxe wiekein, sneon nei de film west, Snow White and the Huntsman! Erg leuk! Snein te midzje lekker lunched yn Ponsenby mei Fleur &op'e neimiddei moest ik wer wurkje...
C'est ça.. ik hoopje dat ik jim sa wer wat op'e hichte brocht ha en ik sil pebearje net wer sa lang te wachtsjen mei in nij ferhaal! Dalik wurde der noch minsken ungerêst! ;)
Sa no en dan bin in noch wolris ûnwennich, mar ik leauw dat ik by jim net safolle mist ha. It waar is wol aardich it selde, al nimme se it simmer yn Nederlân & winter hjir ;) It EK fuotbal wie in flop, wat Oranje oangjit. Ik haw it wol sjoen hear, Ned-Den om snein te moarn 4am mei it sliepplús yn'e eachen. Ned-Dui tongerdei te moarn 6.45am, ik hie Josh spesjaal in oranje shirt oanlutzen mar it mocht net helpe. En Por-Ned 6.45am haw ik de 1-0 sjoen &dernei haw ik noch efkes lekker útslipt op myn frije moandei te moarn! Mar goed ek!
No ja, jim ha wer wat lêsfoer. Foto's komme moarn, ik sil no op bêd want mat moarnier wer betiid! En nije wike binne alle bern 2wike frij, in soart krystfekansje sûnder kryst, dus dat sil wol feest wurde sjoen dat heit&mem wol trochwurkje! HELP! Haha..
Cheers,
xx Aukje
PS. Gjin idee werom't der reinwetter yn'e titel stjit, mar dat ha we hjir in soat ;o)
Reacties
Reacties
Leuk leuk leuk Aukje! Goh wat kinsto leuk in ferhaaltsje skriuwe :)
Moai om te hearren dast dêr no echt dyn draai want fynst en ek leuke útstapjes makkest. Ga zo door meid!
Tút
Heej Aukster!
Oh finally wer in ferhaal, ik hjerde dus ek by ien fan de persoanen die al ongerust waar. It is fijn om te hjearren dast it der nei dien sin hast & dast allehjer leuke dingen dochst! Gelukkig bist no mei die 2 katers net meer helemaal allinich der. Ik bin wol onwennig nei dei dus we matte snel wer skype.
Dikke tút!
Hé Aukje tiid fljocht! Hoechst dy net te ferfelen sjoch ik wol! Protte wille mei dyn aventoer!
Leave groetsjes,
Trynke
Aukje chickie! Wat in ferhaal wer siz, kist der hast in joun my vulle san lape tekst! Heerlijk!
ps. die dutser is dus echt gjin metro man mar gewoan to gay to function at der syn wenkbrauwen epileert whahahah die battyboy
prachtig auk!
Sa leuk om te lezen!
Stoere faam bist!
heerlijk om dyn ferhaaltsjes te lezen.
Aukjeee! :)
wer 'n prachtig ferhaal, haha. Hear 't die sa fertellen!
moai dast der sa geniest!
have fun! xx
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}