1e wurkwike &sa..

Hellooooo!

Nou, myn earste echte wurkwike sit der alwer op. Hawhjoed namelik frij, heuurlik! Josh wiejuster 'at Poppies' sis mar de peutersskoalle en de froulju hien ien te boartsjen en útfanhûs, dus ik hie juster ek net safolle te dwan, behalve wat overhimden strike! Ideaal!

Sneon bin ik efkes nei ‘t winkelcentrum yn'e buurt west, New Market, foar wat lytse dinkjes en bin ik werom rûn om de omkriten wat te ferkennen. En doe kaam ik lâns in fjild wer in rugby wedstriid dwaande wie, erg leuk! Dat is wer ‘s wat oars as Wergea1 op snein te midzje ;)

Snein binne we noch te farren west, it wie net hiel moai waar mar we bin wol lekker útwaait. Se hawwe sis mar in soart fan speedboat, mei in 115pk motor der achter. Tsjaa.. tis mar wêr't je fan hâlde ;) Mar de wetters en eilannen binne wol prachtig!

Neidat we te farren west ha, haw ik myn earste 'leftside driving lesson' hoan, wat in aventoer! Haha! It is krek ast mei in oar syn hân skakelst, en dan fersinne se it ek noch om de rjochtingoanwizer oan'e oare kant te plaatsen. Sadat else kear at ik rjochting oanjaan wol de rútwissers oan gean! Moaaai! Fjidder is it 'all about the hill start'.. En oan'e linker kant riide is net sa moeilik, ik wie toch al net sa goed yn links en rjochts dus ik riid gewoan achter de rest oan! Ik haw no in pear kear mei Kate en Matt riiden, mar moarn sil ik mei de NavMan (tomtom) op paad! Owjaa, ik ben ek nei de top fan in vulkaan riiden! Vet cool, koest oer hiel Auckland sjen! En fansels hie ik myn camera net mei, dus ik sil der noch in kear hinne matte, och wat jammer ;)

Ik miende dat de bern disse wike alwer nei skoalle moasten, mar alinne Kate gong wer oan 't wurk. Dus it wie best in drokke wike en de bern begjinne ek wol wat genôch fan elkoar te krijen. Josh had wat lêst fan stemmingwikselingen want de yne kear is ‘t fan ‘Aukje, you're mean! You're not my friend anymore! I don't like you!'&5minuten letter.. ‘Aukje, do you wanna play cars/trains with me?' Earst wie dat wat lêstig mar no lit ik ‘m mar gewoan en binne we samar wer freontsjes ;)
Se hawwe trouwens net in kaai foar ‘t hûs mar in code, &ek in alarmsysteem mei in oare code. No ja, jim riede it al, de earste kear dat ik ‘t hûs ôfslúte die ik bliikber iets ferkeard want we wien hast fuort &it alarm gong ôf! En LÛD, hahaha, Kate & Matt wien der net &de bern wisten ek net wat we dwan moesten! Erg leuk, ik wit ek net hoe en wat, mar doe ik foar de safolste kear de code yn toetste gong hy wol út. Dusss opgelost! Haw ik dat ek ris meimakke!

Tiisdei te moarn (!) bin ik mei de twa froulju nei de bioscoop west, yn'e trein &dat gong ferassend goed gelokkich! We binne nei ‘the Lorex' west, in animatie film mei in licht educatief tintje (fansels) mar wol erg leuk! De kaartsjes wien ek mar $11,- dat is iets fan 6/7 euro. In stik goedkeaper as yn Ljouwert!

Hmmm, wat sil ik fjidder is fertelle. Owja, justerjûn hien we in gearkomste fan'e 'AuPair Agency' oer 'Active Movement', der wie in frou die fannalles fertelde oer hoe belangriik it is dat jonge bern in soat bewege. Om de ontwikkeling fan hun motoryk te stimulearjen ensa, mar dat wist ik fansels allegear al ;) In oare AuPair dy't hjir flakby wennet, ek út Hollân,pikte my op mei har dikke BMW (VET) &we wisten net sa goed wêr't we parkeare moesten, dus hien we de auto mar yn ien of oare parkeargaraazje setten. Allinich doe we werom kamen blykte dy dus ticht te gean om 20h.. OEPS! Haha, en der stie wol in nummer op 'n boerd dast belje koest om dyn auto nei slútingstiid noch dr út te riiden (foar $60!) mar doe we datbellen kriigen we trije kear in oar nummer trochjoen en net ien skynde te witten welke parkeargaraazje it dan wol net wie... Skraaal! Dusjaa, doe binne we mei in oare AuPair mei werom riiden &sil Fleur har djoere auto hjoed ophelje.. Wer in jûn om net te ferjitten xD Mooaai!
Der wien by dy moeting trouwens in stik of wat Hollânske froulju &we sille nije wike efkes wat útfine mei syn allen, dus dat wurd fêst wol gesellich! =D

Nojaa, ik hoopje dat ik jim sa wer wat op'e hichte brocht &ik sil fêst in hiel soat dingen ferjitten wêze mar dat heare jim dan wol in oare kear! &Sa't jim sjoche haw ik ek wat foto's plaatst ;)

Toedelooeee
xx A.

PS. Mochten jim is in praatsje meitsje wolle, myn Skype adresding is Aukster91 ..

Reacties

Reacties

Ronald

Hey Aukje,

Sjocht der te gek út de foto's. Moai ferhaal. Hielendal super. Oh ja en at de bern ferfelend binne gewoan efkes mei de koppen tsjin elkoar, wurde se wol stil fan. In moker wol soms ek wol helpe :-P

Sukses mar wer en genietsje der fan.

X Ronald

Trynke

Hey aux!!
Wat in fet leuk ferhael!! Ik sjuch it al hielendal foar my mei dat autoriden!!! Hahaha!!!
hearlik om dit sa te lezen fan dy!!
Lekker genytsje en,'hurd' wurkje !!
Dikke túten!!!!

anneke

Ha Aukje.
Sjoch dat it goed giet, en dwarse bern binne oeral, net te drok om meitsje.
Noch in fijne tiid .
Groetjes ut Garyp

Wietske (dien suske;-))

Hey Leave!

Wat in moai ferhaal hast wer makke.
Goed om te hearen dast it der nei dyn sin hast.
Wat in feroaring sil dat weze sis.

Foto's sjogge der ek leuk ut, leuk om dy sa te folgjen.

No ik sil dy yn'e gaten halde en in hiel soad wille der.

Leafs Wietske

Joanna Farrer

Hello Aukje! Glad to hear that everything is going so well and that the family is a nice one. I sympathise with the driving... I had to do exactly the same (but in reverse) when I first came here! But I promise you, you will soon get used to it. I´m sure your English is better than you think (it always was!) and your blog is very good for my Frisian! Love, Jo x

Burb

Hee Auks, moai ferhaaltsje hast skreon! Erg leuk om te lêzen allegear :)
Dikke tút

Wietske Mem

Hoi Auk
Wat wer in prachtig ferhaal, wat heerlijk om dy sa te folgjen, geniet der fan.
Dikke 'tút Mem

Thea

Hey Aukje!

Wat leuk om je verhalen te lezen! Je schrijft ook zo vol enthousiasme!

Liefs,
Thea

Sietske

Hey Auk,

Wat sjocht it er moai út dêr! Echt in fekânsje gefoel ast allinnich al út dyn sliepkeamer rút sjochst. It klinkt ek hiel gesellich dêr en dyn 'tydelike famylje' lykje my aardiche minsken.

Hjir giet alles wer gewoan troch. De tentamenperioade is ôfrûn, de Moulin Rouge is ôfrûn, skoalle lessen binne wer begûn en ik bin by it popkoar begûn (erg leuk!!) Plus wat ik dy natuurlik efkes fertelle moat: Statistiek 1B, in 7. Sa bliid!!!!

We moatte ynkoarten mar ris myn skype doop hâlde :)
Bin benijd hoe't it straks is as dyn 'berntsjes' nei skoalle binne. Skriuwst leuk trouwens! Mei de foto's derby sjoch ik it toch ek in bytsje foar my.

Folle wille!

Leafs, Sietske

Sytze

Moai Ferhaal! Top!!

xx

Jelmer

Auuuk!

Do wist mei alwer hielendal te boeien.. leuk faam!

Dikke tút

Marijke

heey nicht!!

mooi te leazen dat 't dy dêr goed giet!! In protte wille en mar 'n soad ferhealtsjes en foto's plaatse!!!!

leafs en tút ut Holwerd!!!

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!

Deze reis is mede mogelijk gemaakt door:

Travel Active