Teapots' & Surfing..
Dear readers,
Tiid foar wer in update! Moarn bin ik al wer 5 wike yn Nij Seelân! Gjit echt mega snel, time flies!! En der bin ek alwer twa wike foarby sûnt myn lêste ferhaal dus ik ha jim wer genôch te fertellen ;) Bedankt trouwens foar alle reacties steeds, super leuk!! =D
Wêr sil ik ris efkes begjinne.. De wike nei Keninginnedei ferûn alwer oars as oars, om't Molly trije dagen op skoalkamp gong &Kate mei gie as begeleiding. Dus we wien mei syn 4n thús, Matt, Maddie, Josh en Ik! Dat is grappig jong, Matt dy gjit yn ien kear de drokke húsman úthingjen, wylst dy oars sa lui as wat is! En foar my feroare der eins net safolle, behalfe dat ik wat langere dagen makke, mar trije dagen fan 7-18 falt ek noch wol ta. De woansdeis bin ik mei Josh nei Ambury Farm west, in soart bernebuorkerij, mei in park derby. Tongersdei moest hy wer nei Poppies en freeds binne we nei in 'weekly playgroup' west fan it Au Pair bureau, wer noch in pear oare Au Pairs wien mei hun bern, best leuk! En doe kaam Kate ek alwer thús, easypeasy! Oer twa wike gjit Kate 4 dagen nei Melbourne foar in cursus ofsa, dus dat sil ek wol wer goed komme!
Dat wiekein bin ik de sneons mei Fleur nei Howick west, der wie in lytse merk en letter noch nei Takapuna, wer we noch in soart fan dokter Fish behandeling hoan ha, op it strân, mar dan mei garnalen &sels betocht ;)
Jûns binne we nei 'The Axis of Awesome' west. In comedy show, der is op 't stuit nammelik International Comedy Festival yn Nij Seelân, en mei nammen yn Auckland. Dus dan wurde der yn allegear kroegjes en theatres comedy show's opfiert. Echt super leuk! Mar wy gongen dus nei 'The Axis of Awesome' trije hiel ferkillende mannen, qua úterlik mar in prachtig grappig en muzykaal trio! Ik haw my slap lake! =D Om jim ek wat sjen te litten, klik op de folgjende link. http://www.youtube.com/watch?v=oOlDewpCfZQ It is net per se hiel grappig, mar wol geniaal fûn!
Dernei binne we noch op stap west, dat wie op sich wol slagge, mar leauw net dat we echt yn'e jûste clubs wien. Wer allegear núvere minsken en famkes mei hast gjin klean oan. Ik fjilde my nochal oankleid, ghehe! Ien club stie ek yn'e Lonely Planet, Cassette 9 ofsa.. &der kinst in theepot bestelle, net mei thee der yn mar mei allegear mixshotjedingen der yn. No dikke pret fansels, dêr ha we de hiele jûn oansitten. EN ik haw ien mei naam as souvenier.. DOHHH =D HAHAAA!
Maarja, we soen sneins nei Muriwai Beach om te surfen!! Jaaahaa! Alinnich rûn we wat fertraging, omdat ik noch efkes mei myn jarige Heity &de rest fan'e family/buolju skype soe &we wien beide lichtelik min fan alle teapots. We bin toch wol nei Muriwai west, mar de surflessen wien al begûn, dus hawwe lekker op 't strân &de rotsen rûndwaald, want it wie wol prachtig moai waar! Check de foto's! In hearlik tsjille snein!
Moandei te moarn wie ik nog lekker frij en ik soe hiel hurd útsliepe, mar dat sit der hjir net yn. Der gjit nammenlik alle moarnen in alarm ôf, Joshy. Soms wat letter, soms wat hearder, mar meastentiids galmet der troch it hiele hús 'I'm awake! I'm AWAAAHAAAAAKEE!!' Sa noflik, NOT! Marja, it went ;)
Tiisdei wie wer in Poppies'dei, dus dan haw ik tusken 9 en 14 frij. En doe bin ik mar dapper op syk gongen nei wat nije klean. Mar neat fûn, fansels! Ik bin ek san fantastyske shopper ;)
Woansdeis hie it Aupairbureau wer wat organisearre en gongen we mei in oantal Au Pairs en hun bern nei de Chipmunk Playground, wat in wille! In soart sanjesfertier, mar dan wat lytser. Ideaal, want Josh rêd 'm sels wol at der yn kear went is, dus ik koe moai in bakje drinke mei de oare froulju. Wat dat oan gjit wol hartstikke leuk dat it bureau al dy dingen regelt.
Tongersdei hie ik mar in koarte dei want Kate wie frij en ik hoechde alinne middeis te wurkjen. De famkes hien út skoalle wei hun Netball wedstriid &Kate coacht Molly's team dus gongen Josh en ik mei om Maddie oan te moedigjen. Sa haw ik myn earste Netball wedstriid ek sjoen, it is in soart Kuorbaljen mar dan mei alinne famkes &mei in net yn plak fan in koer. It wie ek Maddie har earste wedstriid dus it wie wer in moai gesicht.
Freed haw ik dan einliks myn Child First Aid course hoan. We moesten derfoar wol in eintsje riide en gelokkich stjoerde de NAVman ús yn ien kear der hinne, GRAPKE! Hy wie wer yn'e war en we wien dertroch 10min te let.. Oops! Maarja, ik wie tegearre mei Fleur en fjidder wie nog in zwanger stel, een âlde frou en in stik of 14 Maori froulju. De frou dy't de cursus joech wie wol wat apart, mar miskien leit dat ûnderwylst ek wol wat oan my om't ik wol in hiel soat minsken hjir apart fyn ;) Goed, se fertelde eins net safolle wat ik noch net wist, op in pear lytse dinkjes nei &we hoefden gjin examen of wat dan ek te dwan. Wat theorie, wat praktyk &nei de tiid kriigen we fuort ús certificaat mei nei hûs! Yn'e pocket!! =D
Freed te jûns moest ik oppasse &hien Maddie en Molly, skoaldisco. Molly bleauw by in freondintsje sliepen en ik moest dan mei Josh en Maddie nei de disco, want it duorre mar in oerke dus dan koen we wol binnen wachtsje! Wat trouwens hast alle âlden dien, die wien gewoan ek oan in bier&wyn drinken yn'e hal. Fjidder wie it eins krek as in berne feest yn'e soos, compleet mei limbo en al, haha! Alinne Josh wie wat dwars, dus folgende kear nim ik 'm mar net wer mei leauw ik.
Sneons moest ik ek noch wurkje, want Kate hie dei tsjinst &de bern moesten de hiele dei oeral hinne en wer riiden wurde. Dus ik wie bynammen taxichauffeur, ek wolris leuk! Sneon te jûn bin ik lekker thúsbleaun want snein stie der SURFE mei Fleur op it programma!!
JAWIS, snein haw ik myn earste underfining as surfer. En it wie prachtig, we hien les fan in gast mei blonde dreadlocks &ik wie fansels gigantisch slecht. Mar it wie wol hiel leuk en wat in wille. Ik haw leauw ik 3,5 seconde echt stien, mar gelokkich sei in oare man fan'e surfskoalle 'You know, every good surfer started shit!' &sa ist mar krek! Dus wa wit is der noch hoop foar my ;) Spitich genoch binne der gjin foto's fan myn prachtige lichaam yn in wetsuit, of op in surfplank. Mar ik sil it fêst noch wolris dwaan &dan nim ik in fotograaf mei! Hahahaha!
Ooohh en ik hie hjoed in spierpine, net te leauwen! xD
No dit wie 'm dan wer!
Ik hoopje dat by jim sa stadich oan de maaitiid wat trochset.. hjir begjint yn els gefal al aardich hjerstich te wurden, wol waarm, mar wat in rein!
Adios skatsjes!!
Tuutx Auk
Reacties
Reacties
Auk!! Ik sjoch it allegear foar my! De teapot en do op in surfplank! Hihi!! Cool. Us Skype festijn is noch net echt fan de grûn mar dat komt fest goet!!
Hooooi auk!! Dikke tutxxx
Leuk leuk leuk Auks!!
Núvere minsken dêr dus hear ik al wol haha. Ik bin inderdaad zeeer beneid nei dyn surfkunsten! En bist al better as my, ik koe nei in wike krekt 2 tellen stean dus ik liuw dast wol echt oanliz hast haha.
Tút!
Volgens ons heb je het daar ontzettend naar je zin.
Groetjes en een dikke tût
Ik hjirre moarns mei in bakje kofje dyn ferhaal wat léze, ik kin der wol fan geniete. Mar san bakje `thee`ast wast do drinkst dat giet der el wol yn leauw ik!! Do likest it wol nei dyn sin te hawwen ik klinkt hiel relaxt en yndied wat gjit de tiid snel..... Miskien kist foar de olympyske spelen fan 2016 foar Fryslan útkomme bij it Surfen...you never know. Hjirre yn Fryslan wol de maaitiid mar net echt begjinne. Wa hawwe al en pear moaie dagen hân mar yn it himd bûten oan de "thee" is net eltse dei it gefal. Geniet derfan sa at ik fan dyn ferhalen geniet!! Oant letter.
groeten CArin
Heey Aukss leuke ferhaaltsjes
En wat kesto goed Frysk skriuwe, ik mat mar es bij dy op fryske les ast wer ien Wergea bist!
Good luck and be carefull!
-x-
Ik slut my oarn bij Jildou ik mat ek fryske les ha want ha dr noch al wat moaite mei Bin benijd hoe folle fouten hjirre ien steane.
En tinkst omme haaien die sitte (swemme) dr noch al wat ien dat grutte wetter
Heej Aukster!
It klinkt echt super wost der allehjer mei makkest! You're not looking the cat out of the tree haha. Ast wer werom bist matte wy ien de soos ek mar es oan de theapot mei shotjes ;) Matte snel mar wer skype!
Dikke tút!
Hey Auk,
Leuk om al die verhalen van je te lezen! Ook een nieuwtje hier vandaan: Jente heeft een blokjes beugel gekregen met oranje elastiekjes. Hij is er klaar voor!
Liefs en een dikke tut van de Aagjes
Hoi Aukje,
Wat hast al in moaie ferhalen skreaun! Geweldich om te lêzen!
In protte wille dêr en lekker genietsje!
Groet,
Jildou H.
Sa leuk wer efkes sa'n noflik te lêzen ferhaal! Kinst ek wol skriuwer wurde! Sinne en wille!
Hee aukje wat in leuke ferhalen, en dast noch mar hiel folle der meist belibje
Dikke tuut rigt
Hoi Auk, giet goed mei dei lèz ik wol. Wat fyn dast it nei dyn sin hast dèr oan de oare kânt fan de wereld. Genietsje volop dèr dan dogge wy dat ek oan dizze kant. Groetsjes en dikke tuut fan Knoop en my X
Sjoch dast it der wol nei dyn sin hast, leuk om dyn forhaeltsjes te lezen.
Groetsjes ut Garyp
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}