Noch 5 nachtjes!
Joooeee!!
Ja, it is hast safier! Noch fiif nachtsjes sliepen en dan is it snein 8 april! Peaskesnein. De dei dat ik dan einliks nei Nij Seelân flean. VET spannend, haha!
Myn fleanmasine gjit om 19.10 de loft yn &komt om 19.25 lokale tiid wer del, yn Londen! Dêr mat ik dan twa oerkes wachtsje en dan om 21.30 stiget myn folgjende fleantúg op, de Airbus A380-800 wol te ferstean, dit skynt it grutste passazjiersfleanmasine fan'e wrâld te wêzen. Ach ja, at ik dan toch fleanen gean, dan mar mei san gigantysk ding net? ;)
Nei in technyske tuskenstop yn Singapore (dêr mat we efkes tanke leauw ik) sil ik dan at 't goed gjit om 5.10 lokale tiid yn Sidney oankomme. Wêr ik dan yn in oerke myn lêste fleantúg fine mat, nei Auckland, myn einbestimming. En tsja, at it allegear hiel soepel ferrint, mat ik op tiisdei 10Aprilrûn 11.30 lokale tiid dêr oankomme &stjit (hoopje ik )myn gastfamylje my op te wachtsjen!
De famylje wêr ik Au Pair wurd bestjit út in heit&mem, Matt & Kate entrije berntsjes, Molly fan 9, Maddie fan 7 en Joshua fan 3. Se wenje dus yn Auckland, de grutste stêd fan Nij Seelân. Dêr sil ik dus earst in heal jier fertoevje &de minsken en de taalgoed kennen leare (jaa ik wit dat se der gewoan Ingelsk prate, mar dêr bin ik nog net sa goed yn)..
Maaaaarrr, dat komt allegear fansels.
Nojaa, hjirre sil ik jim dus wat op'e hichte hâlde fan alle dingen dy't mei meitsje. En wa tinkt 'hee wat leuk', kin hjirneist syn/har emailadres ynfolje &dan krigest fansels in mailtsje wannear't ik wer wat nijs belibbe haw dat ik graach mei jimme diele wol =D
Tralalaa! Foar elkenien dy't ik net mear sjoch foardat ik fuort gean,. Ik sil dy ek misse! Haha!!
Doeeileaf Wergea! Doei moai Fryslân! Doei drok Nederlân! Doei grut Europa!
HALLLOOO NIJ SEELÂN!!! =D
Oan't sjen!! xx A
Reacties
Reacties
Hee Aukje!
Ik ga je zeker volgen, vind het erg leuk om reisverhalen te lezen! Ik wens je een hele goede reis! Voor het eerst met het vliegtuig en dan meteen verschillende keren overstappen!
Groetjes x Nelleke
Wauw ik bin no al saaaaa beneid nei hoe't it der is!!! En nei de reis!!
Super dikke Tút (L)
Hey lieverd! Je zit nu hoog in de lucht! Heel veel plezier en we houden je blog in de gaten :) dikke X ook van Silke :)
Ik bin super grutsk op dy en hoop das't der in moaie tyd krigest .Mar bin wol blier my it fenomeen skype
Sa kinne we dy toch sjen al is it hast 19.000 km fuort
Tut Heit
Hé Aukje, fan Rindert hearde ik datsto al hielendal goed te plak bist! Sels al wer efkes kontakt fia skype hawn mei Fryslân! De reis wie super gongen hearde ik wol. No mar moai de tiid nimme om ales te ferkennen en genietsje fan dit grutte aventoer!
Leave groetnis en dikke tút út Grou fan ús allegear op'e fûke!
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}