Kia Ora!
Hi there,
Hjir dan myn earste ferhaaltsje fanút it fiere Nij Seelân. Ik bin hjir tiisdei 10 april om 14.30 oankaam, dus dat wie foar jim 4.30 op tiisdei te moarn (10oeren ferskil). Wol wat letter as de bedoeling wie, want troch wat fertraging yn Singapore haw ik de flucht yn Sydney nei Auckland mist. Marjaa, shit happens ;)
Kate, Molly, Maddie en Josh hellen my fan it fleanfjild &ik kriig fuortendalik in dikke krûp en alles.. fet leukk! Se hawwe echt een mega lang hús, mar alles sit ek op ien ferdjipping. Ik haw hjir myn eigen keamer &badkeamer, ideaal! Moest earst wol wat bekomme fan de reis dus haw fjidder net safolle dien. Se ha wol fanalles fertelt mar dat soen se noch wolris dwan at ik yn steat bin om it te onthâlden ;)
It is hjir echt prachtig moai &ik haw in geweldich útsicht fanút myn slipkeamer. Dat is nochris wat oars as de kelder, haha! Se fytse hjirtrouwens hastnet, wat frij logisch is omdat it hjir gigantisch heuvelachtig is, dusja dan is fytse al gauw topsport! Al gjit Matt (de heit) wol elke dei op'e fyts nei syn wurk.
Juster ha se my de 'waterfront' sjen litten, dat biniets fan 5 baaien mei lytse strandsjes &best flakby. Superchill! Al fyne se it dat it hjir no alwat kâld wurd.. 20graden (suurtsjes, haha) Ik ha juster ek een Nij Seelânse rekkening en bankpas oanskaft &in simkaart mei Nij Seelâns nummer (+64221059979). Very Handy!
Hjoedis der 'n frou fan Dream Aupairs lâns west mei fan allegear dingen &ik mat no ek nog kinder EHBO dwan. Dat is allegear nij ofsa, dus dat wurd leuk yn it engels! Se fyne myn engels best wol mei fallen sizze se, mar at ik mysels praten hear fjil ik my echt san boer.. haha. Lekker Frysk!
De bern hawwe op 't momint fakânsje &allegear freontsjes en freondintsjes te boartsjen, dus fette drokte! En it is sa appart dat se allegear ek noch Engels prate.. hahaha!
Ik bin no foaral nog wat oan 't relaxen en lit my oeral wat hinne slepe. Ik tocht earst dat dy saneamde Jetlag wol wat tafoel, want de tiisdeis dat ik hjir kaam gong ik in oer as njoggen op bêd &waar ik keurig om helwei 7 wekker! Mar fannemoarn wie ik toch om 4oere wekker.. Crapp! Achjaaa. dat sil ek wol wer oer gean!
Fjidder dus noch net sa folle belibbe mar de bern bin super leaf en Kate&Matt bin ek hartsikke gesellich! Haw ek noch net oan'e linker kant riiden mar dat lear ik it wiekein, sil wol feest wurde.. haha!
Noojaa, ik hâld jim op'e hichte &foto's komme letter!!
Leafsxx
A.
PS. Ik mat noch wat wurkje oan myn skriuwen, mar de ferhaallijnen komme fansels! ;)
Reacties
Reacties
Top! De ferhaallijn is best genoch sa! Grtzz
Leuk Auk!
Hoi Aukje
Wat in gesellig ferhaal hast skreaun, ik bin sa bliid dat it allegearre goed liket dĂȘr.
tĂșt mem
Fet!!! Genytsje der fan!! It is erg leuk om dyn ferhael te lezen!! Dus it sit wol goet!! Wy snappe it!!! Dikke tĂ»ten fanĂșt it fiere Hearrenfean!!
Lest allejer poer-best;)! Moai dat it fleanen dy net tsjin fallen is.. ondanks de fertraching. Mar even lekker oan alles wenne;)! En bin nou alwer benijd nei dyn folgende ferhaal!
tĂșt
Haaayy Auk!
klinkt superleuk allegear, & heerlijk, dyn eigen badkeamer, haha. :) hast 't swembad al ontdekt?
of is 't te drok bezet mei lytse bern?
Lekker geniete der!
tĂșt
Whieee, sneon foar 't eerst aukloos voetballe, bin beneijd!
Hee Aukje!
Wat in leuk ferhaal!! Moai dast it dĂȘr sa nei dyn sin hast :) En ideaal, in eigen badkeamer!
Dikke tĂșt!
Aukje!! Leuk om te lezen! Klinkt erg goed en leuk allemaal! Straks ben je de engelse expert van de fam! :)
Veel plezier!
xx
Hoi Aukje
Mooi verhaal, geniet ervan
Tut van us
Auks! Leuk verhaal .
ik hĂąld dien ferhalen ien de gaten
Succes der fierder en geniet
Tût
Heej tjikkie!
Sjochst wol: Nothing on the hand.. Ondanks de vertraging bist gelukkig feilig oan kaam! Fijn dast deiselfs der wol te plak fjilst. Sjoch no al Ășt nei de foto's.
Dikke tĂșuut!
P.S. Hast al echte nij seelandse boys spot?
Hee Auckland! Ik fyn t in super ferhaal en leuk leuk! Hoopje dast der lekker genytst en mei moaie aventoer ferhalen werom komst!!
Leafs Minke
He sil dy ek iene gate horre mar ik mat oan myn frysk wurkje en net oan t ingels ha ik iene gaten.
Gr.Lucas
HĂ© Aukje, klinkt goed! Protte wille!
Leafs Ășt Grou
Heey Aukje! Klinkt best allegear:)! En wat in yndrukken al foar dy. Lekker genietsje! Dikke tut
Mooi verhaal aukje, Ik moet trouwens zeggen dat Engels typen gaat je goed af.
He Aukje
Wat is de familie hun adres dan kinne we dat efkes besjen op StreetView ha ik al sjoen want Auk(land) stiet dr ek op
Hey Aukje,
Heerlijk om te lezen dat het goed met je gaat en nu al geniet! We blijven je volgen hoor!
Dikke tĂșt van de Aagjes
Kreas ferhaaltsje Auk!! xx
Hey Aukje, mooi dat je het naar de zin hebt. Hebben ze daar ook bushokjes (gezien je ervaring). Hier schijnt de zon niet/wel/niet...
We volgen dit oh zo spannende verhaal.
x H+S
Hoi Aukje,
Moai datst it al sa nei it sin hast, frou!
En de foto: moaie omgeving! Net verkeard, liket my.
In moaie tiid tawinske dĂȘr, ik bliuw dyn verhalen folgjen!
Grtsjes
He vrouw!
Wat leuk om je op deze manier te kunnen volgen!
Fijn dat je het zo naar je zin hebt, geniet ervan!
Ik kijk uit naar je volgende verhaal, en foto's.
Groetjes uit een nog zeer koud warga..
Rob, esther & dennis
Hoi Auk
Mooie foto's, wat is it der grien by Ășs is alles nog sa keal en mei de boat binne wy ek nog net foart. geniet der fan
tĂșt mem
Reageer
Laat een reactie achter!
- {{ error }}